Wishlist icon
Cart icon
Winkelwagen
Pûlen-yn-de-pot – Sjieuwe Borger – boek cover

Pûlen-yn-de-pot

Sjieuwe Borger
ISBN: 9789463651103
2018

€ 21,49(incl. BTW)
Wishlist icon
Wishlist icon Favorietenlijst

Beschrijving

Sybren joech him oer oan it feest fan it yrrasjonele sûnder ien remming te fielen. Meidwaan ûnderstelde frijwilligens, dêr wie lykwols gjin sprake fan, mar dat joech no neat. Hy gong op yn it momint en liet him meitôgje troch it fjoer fan de ûnberonge groepsdrift. De ober hie besocht harren del te bêdzjen. Doe\'t Richie in klap fan him krige waarden de soasjeteitsleden sels lilk en soene sy de ober te nei. De praeses fan de Kroechkommisje wie der lokkigernôch foar sprongen. Sybren liet de skurvens no oer him komme. Der siet eat ferskriklik mis. Hy hie syn eigen yndividualiteit oerjûn en him oerlevere oan de machten fan de groep. It wie net te miskennen dat Anjelique der prachtich útseach, syn jierklubmaten soene him dêr ek op wurdearje. Mar dy wurdearring woe er net. De twifel begûn stadichoan op te lossen.

Dates binne maklik te skoaren yn it studintelibben, mar froulju binne komplisearre. Se sizze net altyd wat se tinke en ferwachtsje fan alles fan Sybren mar se sizze net dúdlik wat. Hy siket in balâns tusken frijheid en ferbining en stelt himsels dêrby essinsjele fragen oer doel en wearde fan syn libben.

De fyfte roman fan Sjieuwe Borger lit de ûntjouwing fan Sybren sjen tsjin de eftergrûn fan it studintebestean yn de stêd en op it plattelân.

Meer informatie

Druk
1
Gewicht
303gram
Uitgever
Elikser B.V. Uitgeverij
Formaat
210 x 145 x 18 mm
NUR-code
524
Taal
O
Verschijningsdatum
12-12-2018
Pagina's
197
Verschijningsjaar
2018
ISBN
9789463651103

Beoordelingen

cookie

Deze website maakt gebruik van cookies

Door op "Alles Accepteren" te klikken, gaat u akkoord met het opslaan van cookies op uw apparaat om de navigatie op de site te verbeteren, het gebruik van de site te analyseren en te helpen bij onze marketinginspanningen. Bekijk ons privacybeleid voor meer informatie.

cookies-close