
Frysktalig Bûsboekje 2026
Artikelnummer: 11437671
SKU: 11437671
€ 10,01(incl. BTW)
Het voordeel van lokaal bestellen bij Stumpel
Beschrijving
It ienige Frysktalige bûsboekje leit wer yn e winkels. De edysje 2011 hat as tema duorsumens en stiet fol mei nijsgjirrige stikjes en tips. Bygelyks in fraachpetear mei in biologyske boer en ynformaasje oer sparlampen en oer wat de provinsje Fryslân foar mear produksje fan griene enerzjy docht.
De edysje 2011 fan it bûsboekje is de lêste dyt ûnder ferantwurdlikheid fan it Kristlik Frysk Selskip (KFS) útjûn wurdt. It KFS giet op yn in nije stifting Krúspunt. De bûsboekjeredaksje, in klup entûsjaste frijwilligers, hat op syk west nei in nije hoeder c.q. útjouwer. De Ried fan de Fryske Beweging is ree fûn om de ferantwurdlikheid oer te nimmen. Not it lêste KFS bûsboekje der leit, wurdt dizze oergong in feit.
Al 28 jier lang is it Bûsboekje rûnbrocht troch Piet en Anneke Herrema út Sumar. Sy tôgen mei de doazen nei san 80 adressen yn en sels bûten Fryslân. Ja, it Bûsboekje leit û.o. ek yn Grins en Roan (Roden) yn e winkels, en der komme geregeld oanfragen út it fiere bûtenlân!
It bûsboekje is yn e jierren 70 ûntstien út it idee wei dat it Frysk in folweardige taal is. In bûsboekje is hiel persoanlik, it komt yn e rin fan it jier fol te stean mei priveesaken en kontaktgegevens fan freonen. In Frysktalich bûsboekje is noflik en hiel gewoan. Dêrom is de redaksje bliid dat de Ried fan de Fryske Beweging it Bûsboekje op e noed nimme wol, sadat it bestean bliuwe kin.
Bûsboekjes binne te krijen yn de winkels van Boekhandel Stumpel in Bolsward en Workum
